Wat wolsto

It Frysk is hurd oan it sliten… Witsto dat? En hoe slim fynst dat?

Hoe kin it tij keard wurde:
Mei-inoar witte wy wier wol wat der nedich is:
– It Frysk moat status hawwe as kultuertaal. In pear foarbylden hoe’t dat berikt wurde kin: Frysk brûke as fiertaal en as fak op pjutteboartersplakken, basisskoallen en yn it fuortset ûnderwiis. Oerheden moatte it Frysk foar kar nimme. En in royaal oanbod fan radio- en tillevyzje- útstjoeringen yn it Frysk, mear Frysk op it ynternet en yn de krante, soksoarte dingen sil allegearre helpe.
– It Frysk moat mear praten wurde. Net allinnich thús, mar ek yn de winkel, op de feriening, bij it fuotbaljen, ensfh. At wij Frysk prate nimme de bern dat oer. At wij hieltiten omskeakelje tinke se dat it ABN wichtiger is.

Stel do wolst der wat oan dwaan
Al dy saken fereaskje ynset en jild. Mar om dat alles ta in sukses te meitsjen binne der benammen flinke oantallen minsken nedich dy’t sin hawwe om har gedrach te feroarjen. Minsken dy’t motivearre binne om it Frysk in slach foarút te helpen. Oft it no giet om har rol as mem en heit, as pedagooch, learaar, sjoernalist, programmamakker, amtner, politikus: hja moatte it graach wolle.
Frysk trochprate, ek at der Nederlânsktaligen yn it selsskip binne, soe de saak in slach foarút helpe. Mar dat is makliker sein as dien. De measte Frysktaligen fine dat moeilik en net gastfrij. It helpt wannear’t der in breed droegen oertsjûging is yn Fryslân dat wy ús taal hâlde wolle en dat je gjin útsûndering binne at je dêr wat oan dogge.
Doch dus mei oan de BMD-Frysk en ynspirearje dyn kunde om ek mei te dwaan.

Drekt begjinne
Do soest drekst al begjinne kinne. Ast ien tsjinkomst dy’st net kinst, dan soest dy yn it Frysk begroetsje kinne. Op strjitte, of op it wurk, of bij in kursus of bij hokker gelegenheid dan ek mar. At elk dat die, soe dat al in hiel ferskil meitsje.

Stel do wolst der neat oan dwaan
Lit dat lûd graach wol hearre op de BMD. Ek ast problemen hast mei it Frysk, fertel dat. Alle erfaringen en mieningen binne nedich om in goeie útkomst te krijen.