Wat wolle wy

Wy wolle in Brede Maatskiplike Diskusje/Dialooch oer it Frysk fiere.

Wêrom in BMD
Wy sjogge dat:
– it tal minsken dat it Frysk as earste taal hat stadich minderet;
– ek it tal minsken dat mei-inoar Frysk praat stadich minderet;
– de kwaliteit fan de sprutsen taal efterút giet.
Dat kinne wy gean litte en dan wurdt it Frysk stadichoan folkore. It kin ek oars. Mar dat freget jild en ynset fan ús allegearre meielkoar. Wolle wy it ek oars? Dêr moatte wy it oer ha. Dêrom wolle wy graach in Brede Maatskiplike Dialooch oer it Frysk mei alle ynwenners, jong en âld, allochtoan en autochtoan, stedsjes en boeren, fan de klaai en út de wâlden.

Oanpak: hoe sil de diskusje/dialooch fierd wurde
Alderearst moatte alle ynwenners fan Fryslân relevante ynformaasje krije oer it Frysk en oare minderheidstalen. Koart, dúdlik en oantreklik, at it kin mei tapaslike bylden of games, sawol op papier as digitaal. In professionele promoasje moat der foar soargje dat minsken benijd wurde, it belang sjogge en meidwaan wolle. Want it grutste part fan de BMD sil him ôfspylje op bijienkomsten dêr’t minsken mei elkoar prate. Dat kin op doarpsjûnen wêze, mar ek op âlderjûnen fan skoallen of gearkomsten fan ferienings. Ek op bedriuwskontaktdagen wolle wij graach in plak krije. Fansels is it ek mooglik om fia ynternet fan miening te wikseljen.
Wy ferwachtsje dat minsken nei in winter fol petearen oer it Frysk mei doel antwurd jaan kinne op de fraach: ûnder hokker betingsten kin it Frysk bliuwe? Op basis fan dy wittenskip kin elk de bewuste ôfwaging meitsje:
• ja, dy needsaaklike feroarings wol ik, de dêrfoar needsaaklike ynset is it my wol wurdich, of:
• nee, soks freget tefolle fan mysels en de mienskip. De te beteljen priis stiet net yn ferhâlding ta it doel.

Organisaasje en begrutting
In professionele oanpak freget in behoarlike ynfestearring yn minskkracht en jild. Ynformaasje hjiroer stiet yn it Basisstik BMD-Frysk , side 10 – 12.

Wat dogge wy mei de útkomst fan de BMD?
Wy draaie der as inisjatyfnimmers net omhinne. Wy tidigje derop dat de measte ynwenners fan Fryslân dy’t dielnamen oan de dialooch nei ôfrin sizze: duvekater, wy moatte persoanlik mear war dwaan om ús taal yn libben gebrûk te hâlden. En it is nedich dat yn it ûnderwiis, by de oerheid, yn it bedriuwslibben, yn alle sosjale en kulturele fermiddens mear en konsekwinter Frysk brûkt wurdt. Wy geane derfoar! En dat mei ek wol wat kostje. Dan is der draachflak foar belied om it tij te kearen.
It is ek mooglik dat bliken docht dat Friezen yn mearheid gjin sin hawwe oan bewuster taalgedrach. Dat wy inoar soks yn de dialooch earlik bekenne. Konklúzje: dan hoe wy der net mear oan te lûken en wurdt it Frysk wierskynlik stadichoan wei.