Wat ha wy dien

Nei it earste listlûkersdebat op 15 jannewaris 2015 kaam der mear oandacht foar it Frysk yn de Steaten en Deputeare Steaten en de media en ek yn de Fryske deiblêden.
No sa!

Aksjes
1. It nije Kolleezje fan Deputearren hat fanwege it listlûkersdebat en de publisiteit dêrfandinne mear oandacht foar de Fryske taal en kultuer. It Frysk hat in grut plak krige yn ‘Lân fan Taal’, de oanjeier fan projekten foar de Fryske Taal en Kultuer yn it programma fan KH18. (In minpuntsje is dat goed rinnende projekten lykas ‘Fan ûnderen op’ fan de Rie fan de Fryske Beweging net opnommen binne troch Lan fan Taal (LfT)).

2. De lêzing en diskusjebyienkomst fan BMD-Frysk, mei Geert Driessen as ynlieder, wie in opstekker. Syn analizes oer de delgong fan it brûken fan de Fryske taal krige sels lanlike oandacht yn it NOS-Sjoernaal.

3. Fierder hat BMD-Frysk twa kear gearkomsten organisearre foar Steateleden en belangstellenden foar it Frysk. It is dúdlik dat der op ferskate manieren socht wurdt nei ‘de bêste oplossings’ foar it behâld en it befoarderjen fan ús Fryske taal. Soe it byld klopje dat ‘saakkundigen’ elkoar soms yn it paad steane?