Frysk yn 2018

It Frysk is op dit stuit in taal dy’t benammen praten wurdt. It is in taal mei hast allinnich mar brûkers dy’t net by steat binne yn dy taal te skriuwen, mei brûkers dy’t yn grutte mearheid dy taal allinnich mar mei in soad ynspanning lêze kinne. Mei sprekkers dy’t amper kennis hawwe fan de grammatika, dy’t meast sûnder euvelmoed in tanimmend tal grammatikale ôfwikingen deistich brûke.

In taal dy’t yn it bestjoerlike ferkear, yn de rjochtspraak, yn it ûnderwiis, yn de krante, op it ynternet, yn de teäters, yn boeken, yn it bedriuwslibben, yn it hannelsferkear, yn de grutte plakken, op strjitte, yn de hoareka en yn de winkels gjin of amper posysje hat.

In taal dy’t troch de ekonomyske en kulturele boppelaach mar in lyts bytsje brûkt wurdt. In taal dy’t as sprektaal foar bern ûnderling yn kûgelsfeart efterút buorket.

grafyk-driesen-800