Wolkom

Ynwenners fan Fryslân hechtsje grutte wearde oan it Frysk en wolle graach dat it yn libben gebrûk bliuwt. Dat jildt sawol foar Fryktalige as foar Nederlânsktalige Friezen. 

Mar it Frysk ferliest terrein. It is yn de doarpen bijgelyks net mear fanselssprekkend dat de bern Frysk prate op it skoalplein. Dat komt net fansels, dat hat wat te krijen mei har foarbyld, mei hoe’t wy dogge. At de bern net mear Frysk prate, hat it Frysk gjin takomst. Litte wy dat sa, of wolle wy dêr wat oan dwaan? Fine wy it wol prima dat it Frysk ferdwynt? Of wolle wy dat it as kultuertaal en deistige omgongstaal fuortbestean sil?

De BMD oer it Frysk is bedoeld om de ynwenners fan Fryslân bewust te meitsjen fan de posysje fan it Frysk. Dat it der net sa florisant foarstiet. Hoe’t dat komt. Wat de skiednis is. Wat in taal docht yn in minskelibben. Oft je dat beynfloedzje kinne.
Om dan meiinoar te bepraten wat wy wolle. Wy geane diskusjes net út de wei. Mar it doel is dat wy sa’n jûn each en ear hawwe foar elkoar. Dat wy yn de doarpen en it ûnderwiis en alle oare plakken oangeande it Frysk in wize fan dwaan sykje dêr’t elk mei libje kin. Wy wolle dus útkomme op in dialooch

Mei in BMD kinne wy in betrouber byld krije wat de ynwenners fan Fryslân wolle mei har taal. Hoe mear minsken meidogge, hoe mear mieningen, hoe better.